Tolka (rivier)
Appearance
The River Tolka (Iersk: An Tulcha, 'de stream') is ien fan de trije grutte rivieren fan Dublin, de haadstêd fan Ierlân. De rivier rint fan County Meath nei Fingal, yn de eardere County Dublin, en troch it noarden fan Dublin en mûnet út yn de Baai fan Dublin[1] (de oare grutste rivieren binne de Liffey en de Dodder). De Tolka is sa'n 22 kilometer lang.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Oer de Tolka (deade keppeling)
- (in) 'Fiskje yn Ierlân: Tolka'
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|