Springe nei ynhâld

Tûtanchamon

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Toetankamon)
Tûtanchamon
Beskildere wanden yn Tûtanchamons grêfkeamer grêf DK 62.

Tûtanchamon (1341-1323 f.Kr.) wie in farao fan de 18e Dynasty fan it Alde Egypte. Hy hjitte oarspronklik Tûtanchaton, letter waard om polityk-religieuze redenen syn namme feroare yn Tûtanchamon, wat safolle betsjut as: "Libjend evenbyld fan Amon". Syn troannamme Nebcheperoere betsjut: "Hear fan de manifestaasjes fan Ra".

Lange tiid waard tocht dat Nefertity syn mem wie, mar tanksij resint DNA-ûndersyk, publisearre yn it Journal of the American Medical Association, is fêst komd te stean dat Tûtanchamon in soan wie fan Achnaton en syn zuster, in ûnbekende frou, waans mummy bekend stiet as KV35YL. Tûtanchamon wie gjin opfallende farao. Syn ferneamdheid komt benammen troch it seldsume feit dat syn grêf, doe't it yn 1922 troch Howard Carter fûn waard, hast ûnskeind blykte te wêzen. Yn it foar in farao lytse grêf leinen ear as 3500 keunstfoarwerpen.

Tûtanchamon wie troud mei syn healsuster Anchesenamon en wie de opfolger fan Achnaton, hoewol't der tusken har beiden mooglik noch in farao regeard hat (Smenchkare). Tûtanchamon wie mar njoggen jier âld doe't hy farao waard en ek noch tige jong doe't hy stoar (19 jier âld). Hy groeide op yn de stêd Amarna. Yn it earstoan wie syn namme net Tûtanchamon mar Tûtanchaton, nei de Egyptysk god Aton, in sinnegod dy't oanbean waard neidat Achnaton in drastyske feroaring yn de godstsjinst fan it Egyptische ryk trochfierd hie troch in foarm fan monoteïsme/monolatry yn te fieren.

Under de regearing fan Tûtanchamon kearde Egypte werom nei de tradisjonele religy; de ferearing fan alle âlde goaden, benammen dy fan oppergod Amon, waard yn eare wersteld en Tûtanchaton nom de namme Tûtanchamon oan.

Lange tiid wie net hielendal dúdlik wêrom't hy sa jong stoarn is. Op basis fan twadiminsjonale röntgenopnamen suggerearre in Britsk team yn de jierren sechtich in skedelbrek, wat de hypoteze staavje soe dat Tûtanchamon fermoarde wie troch in klap op de efterholle. Lettere ûndersiken sprutsen dit tsjin en joegen oan dat dit gat by it mummifisearjen ûntstien is. Het is wol dúdlik dat der yn syn tiid grutte spanningen wienen yn Egypte, neidat it religieuze belied fan syn foargonger Achnaton ta in grutte gaos laat hie. Boppedat wienen der oarloggen, ûnder oare mei de Nubyers en de Hittiten. In paleisrevolúsje foel ek net út te sluten.

In resinte skôging fan Tûtanchamon syn skelet hat útwiisd dat hy 19 wie doe't hy stoar en ûngefear 1,68 m lang. Der siet 1 sm ferskil tusken de lingte fan syn skonken en hy hie in eatwat skeane rêgegraat. Dêrneist hie hy in klompfoet en miste in tean oan de oare foet.[1] Hy rûn mei in stôk, wat mei ûndersteund wurdt troch de fynst fan 170 stokken yn syn grêf. Hy lijde ek oan in ûntstekking yn syn knibbel, feroarsake troch in brek. De brek soe feroarsake wêze kinne troch in fal fan in striidwein, grif by in jachtpartij, eat dat de jonge farao graach dwaan mocht. Yn 2009 is de mummy skend. Ut dit ûndersyk die bliken dat Tûtanchamon grif stoarn is troch de ûntstekking yn syn knibbel, kombinearre mei malaria. [2]

Tûtanchamon waard ofolge troch de folle âldere hegepreester Ay, in oantroud lid fan de keninklike famylje. Neffens de ûndersikers dy't de moardhypoteze ûndersteunden wie Ay mooglik ek syn moardner doe't de jonge prins mear syn eigen wil begûn troch te driuwen. Ay syn regearing duorre mar fjouwer jier en de farao nei him (generaal Horemheb) skraste de nammen fan Achnaton, Smenchkare, Tûtanchamon en Ay út de annalen en keningslisten fan it lân om se sa yn it ferjitboek te krijen. Dochs fersteurde Horemheb Tûtanchamons grêf net, wat der mooglik op wiist dat hy wol respekt foar de jonge kening hie.

In geef keningsgrêf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Howard Carter en de sarkofaach fan Tûtanchamon

It grêf fan Tûtanchamon is grêf DK 62 yn de Fallei fan de Keningen. De irony wol dat dit it ienige keningsgrêf is dat hast geef fûn is. Dit komt trochdat by de bou fan it grêf foar Ramses VI útgroeven sân op de yngong fan it grêf fan Tûtanchamon smiten waard. Sa bleau de yngong geef, oant it grêf yn 1922 troch Howard Carter en syn minsken, sponsore troch Lord Carnarvon, ûntdekt waard. It grêf makket, nettsjinsteande alle pracht en preal in frij hastich by elkoar sochte, en foar in farao hast earmoedige yndruk. It wie mooglik foar in oar bedoeld; foar in hegere offisier, of in froulik lid fan de faraofamylje.

Nei de winsk fan Howard Carter waard de mummy nei yngreven ûndersyk wer weromlein yn de sarkofaach fan syn eigen grêf. De skat dy't yn it grêf fan Tûtanchamon fûn waard, is wyls wrâldferneamd en foar it meastepart te besjen yn it Egyptysk Museum yn Kaïro.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Foto fan de fuotten fan Tûtanchamon
  2. Frail boy-king Tut died from malaria, broken leg by Paul Schemm, Associated Press. 6 febrewaris, 2010.