Titus (keizer)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Titus (Romeinsk keizer))
Keizer Titus.

Titus (Latyn: Titus Flavius Vespasianus; 30 desimber 39 - 13 septimber 81) wie in Romeinske keizer. Hy hie syn regearperioade fan 79 oant 81 nei Kristus.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under keizer Nearo tsjinne hy as militêr kommandant yn Brittania. Yn 67 gie er mei syn heit Fespasianus nei it easten om de Joadske Rebelje del te slaan. Yn 69, it saneamde Fjouwerkeizerjier gie Fespasianus nei Rome om de macht te gripen. Titus bleau yn Judea om de opstannelingen te ferslaan. Dit slagge him in jier letter. Titus soarge der foar dat de timpel yn Jeruzalim ôfbaarnd waard en de minorrah dêrút meinaam waard nei Rome. Nei de dea fan syn heit op 24 juny 79 folge hy him op mar hy regearde mar twa jier.

Leafhawwer fan de minske neamde syn folk him. Under syn koarte regearperioade makke hy de útbarsting fan de Fesuvius mei, dy't yn 79 Pompeï ûnder in dikke lavalaach bedobbe. It jier derop wie der in pest-epidemy en waard in grut part fan Rome troch in grutte brân ferwoastge. Mar yn 80 makke hy ek de bou ôf fan it Amphiteatrum Flavium, dêr 't syn heit mei begûn wie. It waard letter ferneamd ûnder de namme Kolosseum. Titus ferstoar oan in sykte.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]