Tinnitis

Ut Wikipedy

Tinnitis is it konstant sûzjen mei lege en hege lûden yn de earen. De namme komt fan it Latynske Tinnitus Aurium, dat 'gerinkel yn de earen' betsjut. In yn de útgeanswrâld brûkte term is piipstress. Tinnitus komt soms foar yn kombinaasje mei hyperakusis en misofony. It is gjin sykte, mar in symptoom.

It hat te krijen mei de gehoarsenuw (nervus cochlearis) dy't sels in sinjaal ôfjout oan de harsens. Inkeld bekomt it fansels wer, mar meastentiids moatte jo dêr mei besykje troch de tiid te kommen. Yn Amearika is der lykwols fia ynternet bepaalde medikaasje foar te besetten. Yn Nederlân kin der operatyf inkele triedden yn it brein ynbrocht wurde om in tsjinsinjaal ôf te jaan, wêrtroch't de rêst werom komme kin.