Timoleague Friary
Kleaster Timoleague Mainistir Thigh Molaige | ||
Lokaasje | ||
lân | Ierlân | |
greefskip | Cork | |
koördinaten | 51° 38' N 8° 45' W | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
oarde | Fransiskanen | |
Webside | ||
mountmellerayabbey.org | ||
Kaart | ||
De Timoleague Friary (Iersk: Mainistir Thigh Molaige, Ingelsk: Timoleague Friary) wie foarhinne in Fransiskaansk kleaster yn Ierlân.
Lokaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster leit yn it doarpke Timoleague yn it greefskip Cork oan de kant fan de Argideen River mei it sicht op de baai fan Courtmacsherry.
Op it plak stie oarspronklik in tsjerke, dy't oan de hillige Molaga wijd wie, dy't om 650 hinne yn 'e omjouwing libbe hawwe soe. De namme Timoleague stamt fan it Ierske Tigh Molaige dat " Hûs fan Molaga" betsjut.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is net útmakke oft de stifting fan it kleaster op in 13e-iuwsk inisjatyf fan 'e MacCarthy Reagh-clan en har lieder Domhnall Got MacCarthyde werom giet, of dat de stifting oan 'e Anglo-Normandyske famylje De Barry en dêrmei William de Barry en syn frou Margery de Courcy taskreaun wurde kin en dan yn it begjin fan de 14e iuw falt.
De ynearsten ienfâldige kleastertsjerke waard om 1500 hinne troch de biskop fan Ross, Edmund de Courcy, in lid fan de Fransiskaanske oarder, fergrutte en fan in toer foarsjoen. It kompleks waard boppedat útwreide mei in dormitoarium, in bibleteek en in sikeseal. Edmound de Courcy waard yn 1518 op it âlde tsjerkhôf by it kleaster begroeven.
Mei it oanbrekken fan de reformaasje kaam it kleaster leech te stean, mar guon muontsen kamen yn 1604 werom en bleaune dêr wenjen oant 1642, doe't it kleaster troch Ingelske troepen ûnder Lord Forbes yn 'e brân stutsen waard.
De struktuer fan it kleasterkompleks bleau hast folslein as ruïne bewarre. It skildereftige karakter fan 'e ruïne joech yn 'e 19e iuw ynspiraasje ta it meitsjen fan weemoedige gedichten.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Timoleague Friary fan Wikimedia Commons. |