Tige Wichtich Persoan (VIP)

Ut Wikipedy
It "VIP gebou" fan de eardere Russyske Romanovdynasty op it haadstasjon fan Nizjni Novgorod

It begryp vip stiet foar very important person (tige wichtich persoan) en wurdt faak brûkt om bysûndere of ferneamde gasten mei oan te tsjutten.

Foarbylden binne ferneamden (om watfoar reden ek), haden fan steat of regear, wichtige wurkjouwers, politisy, direkteuren fan internationals, tige rike yndividuen, of hokker opmerklik persoan dan ek, dy't yn it sintsje set wurde moat.

Op feesten en oare gearkomsten of manifestaasjes binne faak spesjale sônes frijhâlden foar vip's; it gwoane pyblyk mei dêr net komme sadat de ferneamde gasten net lêstich fallen wurde kinne. Vips drage faak in kenteken sadat befeiligingsmeiwurkers daliks witte mei wa't se te krijen hawwe.

In sponsor fan in manifestaasje wurdt somtiden ûntfongen yn in spesjale vip-romte, in saneamde Lounge.

It begryp 'vip' kin ek sarkastysk of koartswillich brûkt wurde, ôfhinklik fan de omstannichheden dêr't it yn brûkt wurdt.