Springe nei ynhâld

Tieton (Washington)

Ut Wikipedy
Tieton
Bestjoer
LânFeriene Steaten
SteatWashington
CountyYakima County
Sifers
Ynwennertal1191 (2010)
Oerflak2,12 km²
Befolkingsticht.560,8 /km²
Hichte586 m
Oar
Stifting1942
Postkoade98929, 98937
TiidsônePacific (PST)UTC-8
SimmertiidUTC-7
Offisjele webside
wow.cityoftieton.com

Tieton is in plak (city) yn Yakima County yn de steat Washington, Feriene Steaten 26 km noardwestlik fan Yakima. It plak hie neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 1191 waard offisjeel in gemeente op 5 juny 1942.

Yn de lêste jierren is it plak rekke troch in ekonomyske tebekset, mei it sluten fan in stikmannich fruitware- en pakhûzen. Sûnt 2007 hat in abbekaat en it haad fan in keunstútjouwerij út Seattle yn it plak ynvestearre en besykje om it plak te refitalisearjen mei it projekt Mighty Tieton.

It plak leit oan it rivierke de Tieton dy't tichtby útkomt yn de rivier de Naches.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]