Springe nei ynhâld

Tiberius Cornelis Winkler

Ut Wikipedy
Cornelius Tiberius Winkler as konservator fan Teylers Museum

Tiberius Cornelis Winkler (Ljouwert, 28 maaie 1822 - Haarlim, 18 july 1897) wie in Nederlânk anatoom, soölooch en natoerûndersiker, en de earste konservator fan de geology-, paleontology- en mineralogy- ôfdielingen fan Teylers Museum yn Haarlim.[1] Neist it oersetten fan de easrte edysje fan Charles Darwin syn The Origin of Species (1860), skreau hy in grut oantal wurken oer popularisearring fan de wittenskip, benammen dan foar de biology. Hy skreau mear as hûndert artikels, in soad dêrfan rjochte op de edukaasje fan it grutte publyk, lykas hy himsels oplaat hie. In soad fan dizze wurken ferskynden yn Album der Natuur.

Like wichtich wiene syn oersettings fan wittenskiplike wurken yn it Nederlânsk. De ferneamdste dêrfan wie Charles Darwin syn baanbrekkende De oarsprong fan de soarten, dat yn it Nederlânsk ferskynde in jier nei it ferskinen yn it Ingelsk yn 1859.[2] Winkler wie ek in krêftige ferdigener fan de evolúsjeteory, en wol sa dat hy - yn tsjinstelling mei op dat stuit troch Darwin sels - it plak fan de mins yn de evolúsje ta diskusje stelle woe.[3]

Winkler wie in aktive foarstanner fan Volapük, in konstruearre taal útfûn troch de katolike preester Johann Martin Schleyer. Syn jongste broer wie de dokter, sjoernalist en publisist Johan Winkler.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Syn opfolger yn dy rol wie Eugène Dubois, ûntdekker fan de Homo erectus (de Java-mins).
  2. Teyler, Winkler, Darwin, Darwinlezing troch Marijn van Hoorn MA op it kongres fan de Europeeske Botanyske en Túnbou Libraries Group, Praach, 23 april 2009.
  3. Besselink, Marijke. "Winkler? Nooit van Gehoord", yn: Teylers Museum Magazijn 7 (2007), 7-8.