Springe nei ynhâld

Tibearius

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tiberius)
Buste fan Tibearius (Museo Archeologico Regionale, Palermo).

Tibearius Klaudius Nearo (16 novimber 42 f.Kr.16 maart 37), koartsein Tibearius I, wie de twadde princeps (14-37) fan it Romeinske Ryk, as opfolger fan Augustus Oktavianus. Nettsjinsteande syn skitterjende (militêre) wurkpaad foardat er keizer waard, soed er de skiednis yngean as in tryst en erchtinkend hearsker.

Tibearius wie de soan fan Tibearius Klaudius Nearo en Livia. Beide wienen telgen út in âld Romeinsk patrysysk laach. Syn mem wie noch mar trettjin en in heal jier âld doe hy berne waard, wylst syn heit - dy't yn de senaat sied en dat jier praetor wie - tritich jier âlder wie as syn frou. Nearo Klaudius Drusus wie syn jongere broer.

Tibearius hat syn posysje krige troch syn mem, dy't de twadde frou wie fan keizer Augustus. Hy waard ien fan syn wichtichste luitenants en joech lieding oan militêre kampanjes yn Dútslân en by de Donau-grins. As útfiering fan Augustus gesinsbelied, waard hy yn 12 f.Kr. twongen ta in polityk houlik mei Fipsania, dochter fan Agrippa. Dat houlik waard letter op gesach fan de keizer wer ûntbûn en moast er boaske mei Julia Kaesaris, dochter fan Augustus, en widdo fan syn skoanheit Agrippa. Dat twadde houlik wie lykwols gjin sukses en mislearre. Tibearius gie yn sels opleine ballingskip nei it eilân Rodos.

Inkele jierren letter, nei de dea fan ien fan Julia har soannen by Agrippa, Gaius en Lusius, kearde hy werom en waard Augustus syn erfgenamt. Doe't Augustus yn 14 ferstoar waard hy de nije keizer fan it Romeinske Ryk. Tibearius waard al gau populêr, mar doe syn neef Germanikus stjerre ûnder mysterieuze omstannichheden yn it Easten yn 19, waarden fermoedens uten dat hy dêr in rol yn hie. Under Tibearius waard de polityk fan Augustus yn grutte linen fierder trochset. Syn bewâld wie deeglik, mar net bjuster populêr. Boppedat hie hy ûnder syn hiele regear te meitsjen mei republikeinske opposysje, dy't ûnder syn opfolgers folslein útrûge wurde soenen. Mar troch Tibearius waard dizze opposysje net te bot oanpakt, omdat hy oars gjin bekwame minske mea oer hie om mei it bestjoer fan it ryk mei te helpen.

Tibearius brocht in grut part fan syn lêste regear (27) troch yn sels opleine ballingskip op it eilân Kapry. It regear oer it Ryk liet er doe oer oan Sejanus, it haad fan de Praetorjaanske garde. Sejanus, dêr't oer kletst waard dat er de ienige soan fan Tibearius, Tibearius Drusus fergiftige hie en dy't in affêre hie mei de widdo fan Drusus Livilla, set útein mei in terreurbewâld tsjin mooglike politike fijannen. De widdo fan Germanikus en har soannen Nearo en Drusus, waarden ferbannen nei lytse eilannen dêr't sy stjerre soenen.

Sejanus, dy't it plan opfetten hie om de macht oer te nimmen fan Tibearius seach syn plannen mislearen. Tibearius waard op tiid warskôge troch syn soansuster Antonia, en y lit Sejanus en syn oanhingers arresteare en deameitsjen yn 31.

Neidat de measte fan syn mooglike opfolgers ferstoarn wienen, waard Kaligula in neef fan him syn beëage opfolger. Tibearius stoar op 16 maart 37 nei alle gedachten in natuerlike dea. Neffens de populêre skiedskriuwing fan dy tiid soe syn opfolger Kaligula dêr de hân yn hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Primêre boarnen: