Three-Ten to Yuma

Ut Wikipedy
Three-Ten to Yuma
algemiene gegevens
auteur Elmore Leonard
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre western
1e publikaasje 1953, yn
   Dime Western Magazine
bondel Three-Ten to Yuma and
   Other Stories

Three-Ten to Yuma is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Elmore Leonard, dat ta it westernsjenre heart. De titel betsjut: "Tsien Minuten oer Trijen nei Yuma", en ferwiist nei de ôfreistiid fan in trein. It ferhaal, dat twaris ferfilme is, waard foar it earst publisearre yn 'e edysje fan maart 1953 fan it tydskrift Dime Western Magazine. Letter waard it ferskate kearen útjûn yn in ferhalebondel mei oare koarte ferhalen fan Leonard, it meast resint yn 2006 yn 'e bondel Three-Ten to Yuma and Other Stories. Three-Ten to Yuma stiet ek yn 'e bondel The Complete Western Stories of Elmore Leonard, út 2004.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Three-Ten to Yuma giet oer in helpsheriff dy't de taak op him nimt en bring in ûnmeilydsume bandyt oer nei in plak dat in treinstasjon hat. Dêr sil er de man op 'e trein fan tsien minuten oer trijen sette, dy't him nei de Territoriale Finzenis fan Yuma, yn Yuma (Arizona), bringe sil. Underweis moat de helpsheriff alderhanne obstakels oerwinne om mei syn finzene op 'e tiid it stasjon te berikken.

Ferfilmings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferhaal Three-Ten to Yuma waard neitiid twaris ferfilme, hoewol't dêrby hiel loskes mei it boarnemateriaal omsprongen waard. Sa ferskille sels de nammen fan 'e haadpersoanen yn 'e beide ferfilmings fan dy yn it ferhaal. De kearn fan it ferhaal, en in diel fan 'e dialooch, komme lykwols yn 'e films werom, sawol yn 3:10 to Yuma, út 1957, as yn 3:10 to Yuma, út 2007. Yn 'e film út 1957 waarden de haadrollen spile troch Glenn Ford en Van Heflin; yn 'e film út 2007 fertolken Russell Crowe en Christian Bale dy rollen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Leonard, Elmore, Three-Ten to Yuma, yn: The Complete Western Stories of Elmore Leonard, New York, 2004 (William Morrow), ISBN 978-0 06 07 24 252.
  • Leonard, Elmore, Three-Ten to Yuma, yn: Three-Ten to Yuma and Other Stories, New York, 2006 (HarperTorch), ISBN 978-0 06 11 21 647.