Jac. P. Thijsse

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Thijsse, Jacobus Pieter)
Jac. P. Thijsse
Jac. P. Thijsse
Jac. P. Thijsse
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jacobus Pieter Thijsse
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 25 july 1865
berteplak Maastricht
stoarn 8 jannewaris 1945
stjerplak Overveen
wurkpaad
berop/amt Underwizer
aktyf as Skriuwer
ûnderwizer
fjildbiolooch
natuerbeskermer
bekendste
  wurk(en)
Verkade-albums, floara

Jacobus Pieter Thijsse (Maastricht, 25 july 1865Overveen, 8 jannewaris 1945) wie in Nederlânsk ûnderwizer, learaar, fjildbiolooch en natoerbeskermer. Hy waard meast bekend fan syn natoeredukaasje en syn krewearjen foar natoerbeskerming. Hy skreau in protte boeken, yn 't earstoan mei syn freon Eli Heimans (†1914). Hja skreaunen ûnder oaren in foar leken goed te brûken floara (1899), dy't noch hieltyd te krijen is.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bertehûs fan Thijsse yn Maastricht

Thijsse waard berne as soan fan in beropssersjant fan de ynfantery Jacobus Thijsse en Catharina Johanna Priester. Hy waard grutbrocht yn Grave, Woerden en Amsterdam. Thijsse folge op de kweekskoalle de oplieding ta ûnderwizer en krige in soad niget oan de natoer; dat wie bysûnder yn dy tiid. Op dy skoalle moete er ek syn lettere frou Helena Christina Petronella Bosch (10 maart 1867 - 5 maaie 1938). Thijsse waard ûnderwizer oan de Frânske Skoalle yn Den Burg op Tessel. Hy keas foar Tessel omdat er út it proefskrift fan Franciscus Holkema oer de floara fan de Noardsee-eilannen wist dat dêr in protte bysûndere floara en fauna te finen wie. Doe't er beneamd wie krige er Holkema's boek kado fan Coenraad Kerbert, syn learaar natoerlike histoarje.

Syn oansteande frou woe net op Tessel wenje, dat yn 1892 gie er dêr wer wei. Thijsse skreau letter oer Tessel: "Al heb ik er maar twee en een half jaar gewoond, Texelaar zal ik blijven tot het eind." Hy waard doe ûnderwizer yn Amsterdam. Yn Amsterdam moete er Eli Heimans. Beide hiene deselde passy foar de natoer. Thijsse dêroer: Wij pasten precies bij elkaar en hebben twintig jaar lang zo samengewerkt. Tegearre setten sy útein mei it skriuwen fan de rige "Van vlinders, bloemen en vogels." It earste dieltsje ferskynde yn 1894; oant 1901 folgen noch fiif oare dielen. De boekjes wiene ornearre foar de skoalbern, dy't oantrune waard om de natoer yn te gean en sels waar te nimmen, dat wie it fernijende yn harren oanpak.

Yn 1896 rjochten se yn 'e mande mei J. Jaspers jr. it tydskrift De levende Natuur op, dat noch altyd bestiet, al is de ynhâld wol frijwat feroare. Yn dit "tijdschrift voor de natuursport" waarden allerhanne natoerferskynsels en waarnimmingen beskreaun.

Yn 1899 ferskynde Heimans, Heinsius en Thijsse's geïllustreerde flora van Nederland, dat yn tsjinstelling ta oare floara's plaatsjes hie en ienfâldige termen brûkte. Alle planten, ôfbylde yn totaal mear as 3400 plaatsjes, wienen troch de auteurs neitekene. Sa koe de begjinner los.

Om 1900 wienen Thijsse en Heimans belutsen by de oprjochting fan:

Yn 1901 waard Thijsse learaar oan de kweekskoalle. Hy krige lykwols pleuritis en moast mei ién long fierder troch it libben.
Op 16 oktober 1922 ûntfong Thijsse in earedoktoraat fan de gemeentlike Universiteit fan Amsterdam, wêrby't Theodoor Jan Stomps de promotor wie.

Het Vogeljaar en de oare fûgelboeken fan Thijsse[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1903 ferskynde de earste printinge fan Het Vogeljaar. Oare populêre boeken oer fûgels fan Thijsse soene nei 1903 folgje:

  • Het intieme leven der vogels (earste printinge 1906)
  • Het vogelboekje (earste printinge 1912)
  • Nederlandsche vogels (1935)

Lange tiid wienen dit de iennichste Nederlânsktalige boeken dy't fûgelleafhawwers ta harren foldwaan hienen. Yn 1965 ferskynde it lêste album fan Thijsse, postúm, yn de rige Verkade-albums: Vogelzang.

Yn de earste helte fan de 20e iuw hawwe dizze boeken in grutte bestjutting hân foar publyk en ornitologen. Werprintingen folgen inoar op. Fral Thijsse syn bysûndere skriuwstyl makke dat se yn de smaak foelen. Nei de jierren santich naam it omtinken foar syn wurk ôf.

Verkade-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1904 waard Thijsse frege om de tekst te fersoargjen foar albums fan de koekjesfabrikant Verkade. By de koekjes fan Verkade sieten plaatsjes dy't men yn de albums plakke koe, as yllustraasje fan de tekst fan Thijsse. It skynt dat Thijsse doe roppen hat: "Ze hebben me voor de reclame gevraagd!" . Hy die it lang om let dochs en de albums waarden tige suksesfol. In oantal helle in oplage fan mear as 100.000. Boppedat berikten se in grut part fan de befolking, hoewol't Verkadekoekjes foar earme lju wol wat djoer wienen. De rige albums begûn mei dielen oer maitiid, simmer, hjerst en winter.

Natoermonuminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1905 waard "Natuermonuminten" oprjochte. Dizze feriening ûntstie nei't de gemeente Amsterdam plannen bekend makke om in stoart te begjinnen yn de Naardermar. Heimans en Thijsse setten in breed ferset op poaten tsjin dy plannen. It stoart gie net troch, mei út reden fan de hege kosten. Om it gebiet te beskermjen woene Heimans en Thijsse it keapje. Dat hat laat ta it oprjochtsjen fan "Natuurmonumenten" op 22 april 1905. De Naardermar koe yndie oankocht wurde mei help fan obligaasjes. It wie it earste Nederlânske natoerreservaat. Thijsse waard sekretaris fan Natoermonuminten en bleau dat oant syn ferstjerren.

Politike naïviteit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens skoandochter, A. Thijsse-van Niftrik wie Thijsse in wat soarchleaze en tige freonlike persoan. Hy joech noait in ûnfoldwaande by in eksamen. Mar krityk wie der ek: Thijsse wie aardich foar eltsenien.

Flak nei de Dútske ynfal moast rektor dr. A. de Vletter fan it Kennemer Lyseum syn plak ôfstean oan de NSB'er R.Kuitert. Thijsse priizge de nije man en fûstke tige hertlik mei him. Dat kaam him op in soad krityk fan kollega's te stean. yn novimber '41 die syn politike ûnnoazelens wer bliken doe't er nei in resepsje by de NSB-boargemaster Zigeler fan Bloemendaal gie. Rektor de Vetter wie der min oar te sprekken sa't bliken die út in nei de oarloch ferskynd pamflet: "Wat had Thijsse daar te zoeken? Helemaal niets!"

De argivaris fan it Kennemer Lyseum, J.Römelingh, ferklearre it gedrach fan Thijsse, yn Haarlems Dagblad yn 1995, út syn naïviteit. "Hij was een heel aardige man, dus ook tegenover de bezetter. Niet dat hij fout was, maar hij vatte de toestand gewoon niet zo ernstig op."

Delgeande sûnens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de kriich waard Thijsses sûnens minder, mar hy foltôge noch al in boek oer de Nederlânske natoerbeskerming: "Natuurbescherming en landschapsverzorging in Nederland". It ferskynde postúm. Totaal skreau er yn it tiidrek 1890 - 1945 sa'n 45 boeken en sirka 2000 artikelen. Koart nei de jierwikseling yn 1945 stoar er yn de âldens fan 79 jier. Thijsse leit begroeven op de Algemene Begraafplaats oan de Bergweg yn Bloemendaal.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rinke Tolman - Dr. Jac. P. Thijsse, een groot Nederlander (Utert, 1940)
  • J. P. Verkaik e.a. - Jac. P. Thijsse, een leven in dienst van de natuur (Sutfen, 1995)
  • 'Het onbekommerde genie Jac.P.Thijsse - Herinneringen aan een begenadigd schrijver en unieke leraar', Haarlems Dagblad sneon 3 juny 1995
  • Jos Rietveld - De vogelboeken van Thijsse yn: Tijdschrift Boekenpost nr. 72 (july/augustus 2004) en yn: Tijdschrift Het Vogeljaar, jrg. 52, nr. 5 (2004), s. 210 - 214
  • Sietzo Dijkhuizen, Jac.P.Thijsse - Een biografie, 2005.