Springe nei ynhâld

Tetingastate

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Thetingastate)
Sketsplattegrûn fan Walta- of Tetingastate optekene troch Johann Andreas Graff

T(h)etingastate of Waltastate wie in labadistekleaster oan de noardkant fan Wiuwert. Labadisten wienen oanhingers fan Jean de Labadie, in protestantske sekte mei kommunistyske trekjes. Yn de heechtijdagen wennen der fjouwerhûndert bruorren en susters. Priveebesit wie taboe en der sieten gjin doaren yn de sliepkeamers. Bern waarden troch de hiele mienskip grutbrocht. Europeeske keunstners en wittenskippers kamen nei Wiuwert, wêrûnder quaker William Penn, stifter fan de Amerikaanske steat Pennsylvania en de Britske filosoof John Locke. De sekte befolke it kleaster tusken 1675 - 1732.

De state wie eigendom fan frou Luts Pieters fan Walta, dy't troud wie mei de skatrike Cornelis van Aerssen, fan 1683 - 1688 gûverneur fan Suriname. Hoe't it kleaster der út sjoen hat waard pas dúdlik yn 1981 doe't yn Neurenberg in kaart út it steatsargyf foar it ljocht kaam. De Dútske kartograaf Johan Andreas Graff wie yn 1586 nei Wiuwert ôfreizge om te besykjen syn frou Sibylla Merian werom te heljen. It mislearre lykwols omdat de ferneamde keunstneresse de leaver by de Labadisten bleau. De bouwurken, singels en tunen en bouwurken waarden troch Graff sekuer optekene. Om it lângoed leinen twa greftegurdlles. Oan de súdkant en westkant stienen der houten stekken omhinne en dêrbûten lange singels mei beammen, dêr't de kroanen fan yn elkoar fergroeid wiene. Binnenyn stie dan it slot, in stins mei in 17e iuwsk skylddak. Rjochts fan dat adelshûs stienen yn L-foarm legere bygebouwen. Njonken it poartegboutsje ien fan de fjouwer skythúskes boppe de grêft. Foar de haadyngong oer wienen in bier- en wynkelder, in hinneskuorre en in loazjemint foar besikers. Op it kompleks stie ek in 'Seiten-mühl-Invention' dat grif in sidemole west hat. Maria Sybilla hie in soad ynteresse foar siderûpen.

De lêste labadist gie fuort yn 1732, koart dêrnei waard de state sloopt. Yn de simmer fan 2010 binne troch archeologen 113 gatten yn de grûn boarre, der kamen doe stikken diggelwurk út de perioade 1400-1800 nei boppen, mar ek bonkemateriaal, houtskoal en glês. Ek blykten der oerbliuwsels fan de fûneminten yn de grûn te sitten. It stee moat al yn de Izertiid bewenne west hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: