The World Factbook CIA
The World Factbook (Ingelsk, oerset: It Feitenboek fan de Wrâld) is in boek dat alle jierren nij útbrocht wurdt troch de Amearikaanske bûtenlânske geheime tsjinst CIA. Der steane statistiken en koarte analises yn fan alle lannen, koloniën en oare gebieten op 'e wrâld. Omdat de ynformaasje troch in oerheidsorgaan skreaun en analisearre is, kin it wêze dat it oan Amearikaanske steatsbelangen oanpast is. As net klassifisearre oerheidsynformaasje is de ynhâld fan it boek frij om te bruken. In protte geografyske kaarten en gegevens op Wikipedy komme út it factbook. Foar novimber 2001 waard The World Factbook webside alle jierren fernijd. Sûnt dy tiid is de webside alle twa wiken fernijd; mar de printe ferzje wurdt mar ien kear yn it jier útbrocht. De CIA brûkt de ynformaasje fan 1 jannewaris fan it rinnende jier by it skriuwen fan it printe boek, dat healwei it jier útbrocht wurdt.
ISBN nûmers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dit is in list International Standard Book Numbers (ISBNs) foar de Oerheids edysje en de Potomac werprintinge fan it Factbook. Foar de werprinte edysjes, stiet it jier dat it factbook beslacht tusken de heakjes.
- oerheid edysjes
- 2000: ISBN 0-16-061343-4
- 2001: ISBN 0-16-066404-7
- 2002: ISBN 0-16-067601-0
- 2003: ISBN 0-16-067943-5
- 2004: ISBN 0-16-073030-9
- 2005: ISBN 0-16-074941-7
- 2006: ISBN 0-16-076547-1
- Potomac books, werprintinge
- 2000 (1999): ISBN 1-57488-266-X
- 2001 (2000): ISBN 1-57488-346-1
- 2002 (2001): ISBN 1-57488-475-1
- 2003 (2002): ISBN 1-57488-641-X
- 2004 (2003): ISBN 1-57488-837-4
- 2005 (2004): ISBN 1-57488-942-7
- 2006 (2005): ISBN 1-57488-997-4
- 2007 (2006): ISBN 1-59797-109-X