The Visitor (band)
The Visitor | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk | |
sjenre | Rock | |
bestean | 1981-1988 | |
âld-leden | Tjeerd Folmer bas (1981-1984) | |
leden | ||
Sang & Gitaar |
Ernst Langhout | |
Gitaar | Brian van Montfoort | |
Bas | Wierd Duk | |
Drums | Bertus de Blaauw |
The Visitor wie in Fryske Rockband en wie aktyf tusken 1981 en 1988
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Visitor wie in new wave-band út de 80-er jierren mei as foaroanman de fan âlds folkmuzikant Ernst Langhout. Behalve Ernst Langhout dy't yn de band gitaar en sang foar syn rekken naam, bestie de band út: Bertus de Blaauw (saksofoan en slachwurk), Brian van Montfoort (gitaar), Tjeerd Folmer (basgitaar, 1981 - 1984) en Wierd Duk (basgitaar en syntesizer, 1984 - 1988).
The Visitor is oprjochte yn 1981. It wie in ferfolch op Nighttime Visitor dêr't Ernst Langhout en Bertus de Blaauw ek al diel fan útmakken. Muzikaal stie de band sterk ûnder ynfloed fan Ingelske groepen as The Cure. The Visitor makke mei ûnder oaren The Toylets en Social Security diel út fan wat destiids yn de muzykparse wol "De Friese Bries" neamd waard.
It earste plaatsje dat útbrocht waard wie in 'single': "Eye of Madness", dat folge wurdt troch in yn 1983 yn eigen behear makke kassette mei de titel "Ecoline". Dêr geane flot 1400 eksimplaren fan oer de toanbank. Yn dat selfde jier komt op it Top Hole-label it mini-album "Liquid and Cristalline" út.
Yn 1984 ferlit bassist Tjeerd Folmer de band. Dêr komt Wierd Duk, popsjoernalist by it "Nieuwsblad voor het Noorden", foar yn it plak. Mei him as bassist en toetsenist komt it earste folsleine album út: "Tranparant World". It wurdt in flop en The Visitor set it op in sêft sin. Bertus de Blaauw stoart him yn dy tiid op de saneamde garage-rock mei de band Umberto di Bosso é Compadres.
Yn 1986 komt The Visitor opnij mei in yn eigen behear opnommen kassette "Black and Gold" dêr't wol sukses mei helle wurdt. Yn 1987 bringt de band, sterke troch it sukses fan de kassette, in twadde album út ûnder de namme "This Rain Is Blood". Yn dat jier moat bassist Wierd Duk foar syn wurk nei Leningrad en wit dêr in twatal optredens foar The Visitor te regeljen. It soe it startsein wurde fan in rige optredens yn Ruslân. Yn 1988 foel de band út elkoar. It lêste album wie in registraasje fan it ôfskiedskonsert yn it Bolwurk yn Snits.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1980 Visitor (mei de namme Nighttime Visitor)
- 1982 Eye of Madnness (single)
- 1982 Ecoline (kompakt kassette)
- 1983 Liquid and Crystalline (lyts album)
- 1984 Transparent World (album)
- 1985 Black and Gold (kompakt cassette)
- 1987 This Rain Is Blood (album)
- 1988 Live Bolwerk (dûbelalbum)