De Fallei fan de Ungeduerigens
De Fallei fan de Ungeduerigens | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Valley of Unrest | |
auteur | Edgar Allan Poe | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | lyrysk gedicht | |
1e publikaasje | 1831, New York | |
oarspr. útjwr. | Elam Bliss | |
bondel | Poems, by Edgar A. Poe | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Fallei fan de Ungeduerigens | |
publikaasje | 2008, yn HJIR | |
oersetter | Jan Schotanus |
De Fallei fan de Ungeduerigens, yn it oarspronklike Ingelsk: The Valley of Unrest, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). It waard foar it earst publisearre ûnder de titel The Valley of Nis yn 'e bondel Poems, by Edgar A. Poe, út 1831. It gedicht krige syn úteinlike namme by in publikaasje yn it tydskrift American Review: A Whig Journal, yn april 1845. Poe hie it foarôfgeande dêroan op 'e nij besjoen en wat ynkoarte. De Fryske oersetting, fan Jan Schotanus, datearret út 2008.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e oarspronklike tekst fan The Valley of Unrest, út 1831, freget de sprekker him oft alle dingen fan skientme fier fuort binne, en oft de fallei no foar in part Satan, foar in part ingel en foar in grut part brutsen hert is. Teffens wurdt der in "Helen" neamd, wat skoan in ferwizing wêze kin nei Jane Stanard, de mem fan in jeugdfreon fan Poe, oan wa't er de oade To Helen skreau. De úteinlike tekst, út 1845, is koarter en ferskilt op plakken gâns fan syn foargonger. De ferwizing nei "Helen" is hjiryn fuorthelle.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske oersetting fan The Valley of Unrest ferskynde yn 2008 ûnder de titel De Fallei fan de Ungeduerigens yn it tydskrift HJIR. De fertaling wie fan 'e hân fan Jan Schotanus.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |