De Fallei fan de Ungeduerigens

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Fallei fan de Ungeduerigens
oarspr. titel The Valley of Unrest
auteur Edgar Allan Poe
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre lyrysk gedicht
1e publikaasje 1831, New York
oarspr. útjwr. Elam Bliss
bondel Poems, by Edgar A. Poe
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Fallei fan de Ungeduerigens
publikaasje 2008, yn HJIR
oersetter Jan Schotanus

De Fallei fan de Ungeduerigens, yn it oarspronklike Ingelsk: The Valley of Unrest, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). It waard foar it earst publisearre ûnder de titel The Valley of Nis yn 'e bondel Poems, by Edgar A. Poe, út 1831. It gedicht krige syn úteinlike namme by in publikaasje yn it tydskrift American Review: A Whig Journal, yn april 1845. Poe hie it foarôfgeande dêroan op 'e nij besjoen en wat ynkoarte. De Fryske oersetting, fan Jan Schotanus, datearret út 2008.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e oarspronklike tekst fan The Valley of Unrest, út 1831, freget de sprekker him oft alle dingen fan skientme fier fuort binne, en oft de fallei no foar in part Satan, foar in part ingel en foar in grut part brutsen hert is. Teffens wurdt der in "Helen" neamd, wat skoan in ferwizing wêze kin nei Jane Stanard, de mem fan in jeugdfreon fan Poe, oan wa't er de oade To Helen skreau. De úteinlike tekst, út 1845, is koarter en ferskilt op plakken gâns fan syn foargonger. De ferwizing nei "Helen" is hjiryn fuorthelle.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan The Valley of Unrest ferskynde yn 2008 ûnder de titel De Fallei fan de Ungeduerigens yn it tydskrift HJIR. De fertaling wie fan 'e hân fan Jan Schotanus.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Poe, Edgar Allan, De Fallei fan de Ungeduerigens (oers. Jan Schotanus), yn: HJIR, ISSN 1384-0614, jiergong 37 (2008), ôfl. 6 (nov.), s. 56-57.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.