The Good Liar

Ut Wikipedy
The Good Liar
Filmklapper.png film
makkers
regisseur Bill Condon
produsint Bill Condon
Greg Yolen
senario Jeffrey Hatcher
spilers
haadrollen Helen Mirren,
Ian McKellen,
Russell Tovey
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of the United Kingdom.svg Grut-Brittanje
premiêre 8 novimber 2019
foarm langspylfilm
sjenre dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 110 minuten
budget en resultaten
budget USD 10 miljoen
opbringst USD 33,9 miljoen

The Good Liar is in film fan Bill Condon, dy't op 8 novimber 2019 yn de Britske en op 15 novimber 2019 yn de Amerikaanske bioskopen yn premjêre gyng. De film is basearre op de roman 'The Good Liar' fan Nicholas Searle. De film liket te begjinnen as in misdiekomeedzje, mar giet oer yn in skrillereftich drama, dat weromgiet ta it Dútslân ûnder de nazys.

Ferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Roy Courtnay (Ian McKellen) is in oplichter, dy't tegearre mei syn sakepartner Vincent falske idintiteiten brûkt om minsken te mislieden om oer harren fermogen te beskikken. Nei't it har krekt slagge is twa manlju in fermogen te ûntfytmanjen, giet Roy Courtnay wer oan de strún op de datingsite foar syn folgjende doelwyt. Dat waard Betty McLeish (Helen Mirren), in eardere heechleraar skiednis oan de universiteit fan Oxford. De fermogende Betty liket foar Roy in maklike proai: hja waard trije jier lyn widdo en útsein ien beppesizzer hat hja fierder gjin famylje mear. Alhoewol't Roy Cournay in hurde krimineel is dy't foar in moard net tebekskrillet, docht him yn Betty's omjouwing foar as in jimmeroan korrekte, kwetsbere âlde man.

Foar Roy liket it der op dat Betty har der ynlúzje lit en dat har beppesizzer Steven (Russell Tovey) om 'e nocht syn beppe besiket te warskôgjen foar har nije freon. Tegearre mei syn hânlanger Vincent hellet Roy har oer om har sparjild op in mienskiplike rekken te stoarten, sadat hja de rekken plonderje en in folgjend slachtoffer sykje kinne.

Alles liket goed te gean, mar bûten it eachweid fan Roy spylje hiele oare saken. Folle earder, noch ear't de earste date plakfûn, hie Steven ûndersyk dien nei Hans Taub. Hans Taub hie yn de oarlochstiid yn Dútslân foar de famylje Schröder in spoar fan ellinde efterlitten, nei't dy him de doar wiisde fanwegen syn ûnfatsoenlike hâlden en dragen. Steven hie útsocht dat Hans Taub nei de kriich de idintiteit fan de ferstoarne soldaat Roy Courtnay oannommen hie en dat er him yn Ingelân dwaande hold mei kriminele aktiviteiten. Foar de gelegenheid hie de iennichste noch libjende dochter fan de famylje Schröder, Lili, har namme feroare yn Betty McLeish en tegearre mei Steven, dy't yn werklikheid har skoansoan is, wurkje hja oan it fereffenjen fan in misdied út in skier ferline.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rol Akteur
Betty McLeish Helen Mirren
Roy Courtnay Ian McKellen
Steven Russell Tovey
Vincent Jim Carter

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]