Springe nei ynhâld

The Boxer

Ut Wikipedy
The Boxer
algemiene ynformaasje
B-kant Baby Driver
artyst Simon & Garfunkel
album Bridge over Troubled Water
taal Ingelsk
sjenre Folk
útbrocht 21 maart 1969
opnommen Columbia Studio's B and E,
novimber 1968
doer 5:10
label Columbia
skriuwer Paul Simon
produsint Roy Halee,
Art Garfunkel,
Paul Simon
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Single top 100 - 2,
sertifisearre Grut-Brittanje goud

The Boxer is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Simon & Garfunkel yn novimber 1968 yn de Columbia Studio's B and E yn Los Angeles en útbrocht op it album Bridge over Troubled Water fan Simon & Garfunkel út 1970. The Boxer wie it sechsde nûmer op it album en waard op 21 maart 1969 útbrocht as earste single fan it album.

The Boxer waard skreaun troch Paul Simon. De tekst is in kleisang fan in man dy 't besiket om te gean mei de iensumens en earmoed yn New York. De earste pear kûpletten binne skreaun yn de earste persoan. Hjiryn fertelt de haadpersoan hoe't er yn syn jeugd yn grutte earmoed libbe hat, wêrby't er al betiid syn thús en famylje ferlitten hat en him faak yn de sloppewiken (...poorer quarters where the ragged people go...) rûn hong. It lêste kûplet is yn de tredde persoan en ferhellet hoe 't de haadpersoan bliuwt by syn striid om te oerlibjen. Dizze striid wurdt beskreaun oan de hân fan in metafoar út de bokswrâld: (In the clearing stands a boxer / And a fighter by his trade / And he carries the reminders / Of ev'ry glove that laid him down / And cut him till he cried out...).