The Beat

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
The Beat
Ic queue music 48px.svg band
Dave Wakeling syn Ingelske Beat
Dave Wakeling syn Ingelske Beat
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre New wave,
Ska,
Two-tone,
Punk
bestean 19781983,
2006–No
label(s) Go-Feet

The Beat (yn Amearika The English Beat) is in Ingelske 2-Tone skaband oprjochte yn 1978 yn Birmingham. De band brocht yn 1980 syn debútalbum I Just Can't Stop It út. Yn 1983 waard de band opheft, mar yn 2006 waard in trochstart makke. The Beat hat trije studio-albums en ien live-album útbrocht, de ôfsplissingen fan The Beat ha trije studio-albums en twa live-albums útbrocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Beat, bestie út Dave Wakeling (sjonger & gitaar), Ranking Roger (sjonger), Andy Cox (gitaar), David Steele (bas), Everett Morton (drums) en Lionel Augustus Martin (Saxa) (saksofoan). Se hawwe begjin jierren 80 trije studio albums makke: "I Just Can't Stop It" (1980), "Wha'ppen?" (1981) en "Special Beat Service" (1982) en in rige singels, ûnder oaren: "Mirror in the Bathroom", "Too Nice To Talk To", "Can't Get Used To Losing You" en "Hands off She's Mine".

Untstean en suksessen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Beat ûntstie yn Birmingham, yn in tiid dat wurkleazens heech wie en dêrtroch yn Ingelân in soad sosjale ûnrêst wie. De komst fan Ranking Roger, ien fan de sjongers fan de band foege in Jamaikaanske smaak oan it lûd fan de band ta, krekt as saksofonist Saxa, dy't diel útmakke hie fan earste ska-weach, dêr't er spile hat mei mannen as Prince Buster, Laurel Aitken, en Desmond Dekker. Hy kaam by de band doe't dy har earste singel opnaam, "Tears of a Clown", bekend fan de Motownhit fan Smokey Robinson and the Miracles.

Oare opfallende singels fan it earste album binne "Can't Get Used to Losing You," "Mirror In the Bathroom," "Hands Off She's Mine" en "Best Friend." Mei de earste beide nûmers hie de band ek beskieden hits yn Nederlân. Foar de promoasje fan it twadde album fan The Beat "Wha'ppen?" waard yntensyf toerd yn Ingelân, op it fêste lân fan Europa en yn de Feriene Steaten dêr't se spilen mei The Pretenders en Talking Heads. It album soarge foar nije hits yn Ingelân mei "All Out to Get You" en "Too Nice To Talk To," dy't dêr beide de top 40 hellen. Yn de Feriene Steaten waard The Beat stipe troch moderne rock-radiostasjons as KROQ-FM yn Los Angeles en KYYX yn Seattle.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Single(s)
I Just Can't Stop It 23 maaie 1980 Go-Feet Tears of a Clown,
Hands Off...She's Mine,
Mirror in the Bathroom,
Best Friend
Wha'ppen? 8 maaie 1981 Drowning,
Doors of Your Heart
Special Beat Service 1 oktober 1982 Save It for Later,
Jeanette,
I Confess

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
Live! at the US Festival 10 septimber 2012 Floating World

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
What Is Beat? 3 juny 1983
B.P.M.: The Very Best of the Beat 29 jannewaris 1996
Beat This! The Best of the Beat 20 novimber 2000
The Platinum Collection 10 jannewaris 2006
You Just Can't Beat It: The Best of the Beat 4 febrewaris 2008
Keep the Beat: The Very Best of the English Beat 10 july 2010
Greatest 25 maaie 2015
Hard to Beat: Best of the Beat 25 augustus 2017