Teudebert II

Ut Wikipedy

Teudebert II (586 - 612) wie in Frankysk kening fan Austraasje fan 595 oant 612. Nei alle gedachten rekke hy belutsen yn in kriich mei de Friezen en waard troch de Fryske kening Audulf ferslein.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teudebert wie in bastertsoan fan kening Gildebert II en krige nei de dea fan syn heit it bewâld oer Austraasje, wylst syn broer Teuderik as Teuderik II it keninkryk Boergonje tawiisd krige. Syn beppe Brunhilda (of Brunichild) waard ynearsten syn regintesse.

Hy hy in soan dy't Mérovee hiete en in dochter fan him, Emma wie troud mei kening Eadbald fan Kent.

Foarfallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teudebert hie gauris wat te stellen mei syn broer Teuderik. Sy fierden striid tsjin inoar mar wurken ek tegearre. Yn 599 wienen sy yn oarloch en fersloech Teuderik him by Sens, mar in oarlochssuchtige neef Klotarius II, dy't kening fan Neustrje wie, dreau harren nei inoar ta. De bruorren foelen tegearre it keninkryk fan Klotarius oan en fersloegen him by Dormelles (tichteby Montereau), en krigen troch de oerwinning in soad lân derby (600). De dêrop folgjende fjildtocht nei it suden tsjin de Basken, dy't it lân ynfallen wienen, wie ek súksesfol en einige mei de ynrjochting fan grins hartochdommen tusken de Pyreneeën en de Garonne.

Lykwols krigen sy nei dizze oerwinning op 'e nij spul en hienen wer kriich. By Etampes ferlear Teudebert fan syn broer en wegere syn broer him stipe te jaan doe't er yn 605 te krijen hie mei in ynfal fan Klotarius en Saksen en Friezen.

Nei 610 waard it hieltyd grimmiger tusken beide. Teodebert waard twongen om de Elsas ôf te stean oan syn broer. Mar dat wie net genôch om de frede te bewarjen, want Teuderik luts tsjin him te striden. Yn 612 late dit ta in finale slach tusken de bruorren. Teudebert II waard finzen nommen en - tegearre mei syn soannen - op befel fan Teuderik II fermoarde.

Teudebert en de Friezen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teudebert II komt it meast yn de beneaming foar de Frankyske kening dêr't om 605 troch de Fryske kening Audulf in prachtige oerwinning behelle waard. Yn in slach by Keulen soe in alliânsje fan Saksen en Friezen fan de Franken wûn hawwe. [1].

Boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fuotnoat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. K.P.H. Faber, De eerste koningen van Nederland, side 54, Aspekt útjouwerij,