Terhorstersân

Ut Wikipedy
It Terhorstersân mei heide en jeneverbeien

It Terhorstersân is ± 181 ha grut en leit ten suden fan Beilen. It is in stosângebiet dat gedieltlik "fêstlein" is, meidat der yn 1900 dinnen oanplante binne. It grutste diel fan it heuveleftige terrein (100 ha) bestiet út heide, ôfwiksele mei heidemarkes yn de legere dielen en jeneverbeistrûken op de hegere stikken. Yn it fariearre gebiet komme ferskate planten en bisten foar, wêrûnder de kaaiblom, bûtergers en sompewolvepoat, de njirre, heidekikkert, gielegou en earsfuttel.

De heide wurde beweide troch skiep en jonge kij.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: