Teodoasyske dynasty
De Teodoasyske of Teodosjaanke dynasty wie in Romeinsk laach dat op de ein fan de 4e en begjin 5e iuw in foaroansteande rol tabedield krige yn it Romeinske Ryk. De famylje levere seis keizers.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grûnlizzer fan de dynasty wie Teodosius de Aldere, in betûft generaal dy't as Comes Britanniarum (greve fan de provinsje Britanje it militêr bewâld oer dat part fan it Ryk hie. Hy foel it ûngenede by de keizer en waard yn 376 eksekuteare. Syn soan Teodoasius I waard lykwols nei de foar de Romeinen rampsillige ferrûne Slach by Adrianopel yn 379 keizer fan it East-Romeinske Ryk. Flak foar syn dea slagge Teodosius deryn it Romeinske Ryk te ferienigen doe't hy de upsurpator Eugenius fersloech. Teodosius I waard opfolge troch syn soannen Honorius yn it westen en Arkadius yn it easten fan it Ryk.
Troch it houlik fan Teodosius I mei Galla, in dochter fan Falentinianus I, wie de dynasty ek ferbûn mei de foarige Falentinjaanske dynasty. Ut dat houlik waard Galla Plasidia berne. De lêste keizer yn it west fan it laach wie de soan fan Galla Plasidia Falentinianus III. Afststammelingen fan de Teodojaanske dynasty hawwe oant de ein fan de 6e iuw noch part útmakke fan de Eastromeinske eallju yn Konstantinopel.
Keizers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teodosius de Aldere † 376 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Aelia Flaksilla † 385 | Teodoasius I ca. 346-395 | Galla 394 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Honoarius 393-423 | Aelia Eudoksia † 404 | Arkadius 377-408 | Konstantius III ca 375-421 | Galla Plasidia ca. 390-450 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Teodoasius II 401-450 | Aelia Eudoksia ± 401-460 | Falentinianus III 419-455 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Lisinia Eudoksia 422-466 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||