Springe nei ynhâld

Teodemir

Ut Wikipedy

Teodemir of ek wol Didemir (451-475), wie in Ostrogoatyske foarst.

Teodemir wie in fazal fan Attila en fjochte oan de side fan de Hunnen yn de Slach op de Katalaunyske fjilden. Nei de dea fan Atilla late hy mei de foarsten Walamir en Widimir in opstân tsjin de Hunnen dy't sy yn 454 suksesfol fersloegen yn de slach oan de Nadao.

Under oanfiering fan Teodemir ferlit in grut part fan de Ostrogoaten harren wengebieten yn Pannoanje en gong nei it easten ta. Hjir makken sy in skoft it East-Romeinske ryk ûnfeilich mei it hâlden fan plondertochten. Yn 471 waard de stêd Naissus (Niš) beset en fuort dêrnei oermasteren hja Neder-Moesië.

Teodemir wie troud mei Erelieva en hie twa bern: Teodoarik en Amalfrida. Hy kaam te stjerren yn 475 en waard doe opfolge troch syn soan Teodoarik, dy't letter bekend stie as Teodoarik de Grutte.

  • Hermann Schreiber - de Goten: vorsten en vazallen (1979)