Tell (archeology)

Ut Wikipedy
Tel Be'er Sheva, Israel
Tell Mar Elias yn noard-Jordaanje

In tell of tall (Arabysk) is in keunstmjittige hichte dy't in protte foarkomme yn it Midden-Easten. De hichten binne ûntstien troch iuwen fan minsklike bewenning; op it pún fan de âlde gebouwen waard hieltyd op 'en nij boud.

Yn it Hebriuwsk wurdt sprutsen fan tel (תל), yn it Turksk fan Höyük, yn it Perzysk is it Tepe, yn it Gryksk Magoula, yn it Roemeensk Magura en yn it Bulgaarsk is it Mogila.

De Nederlânske terpen en wierden binne te fergelykjen geografyske ferskynsels.

Archeology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Archeologyske opgravings fan in tell kinne ferskûle struktueren oan it ljocht bringe sa as oerheids- as militêre gebouwen, huzen en religieuze skrinen, op ferkillende djipten al nei gelang har' âlderdom. Lykwols oerlaapje de lagen elkoar faak, horizontaal, vertikaal as beide. Meidat sa'n opgraving it boaiemargyf fersteurt en ferwoastget, hawwe wittenskippers ek net-ynvasive ûndersykmetoaden betocht om in tell yn kaart te bringen.[1]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Feite-analyses fan tells (in)