Springe nei ynhâld

Teije Harms Tol

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Teije Tol)

Teije Harms Tol (Eastermar, 5 juny 1822 - dêre, 1897) wie in blauferver en genêzer/wûnderdokter út Eastermar.

Hy wie in soan fan Harmen Teyes Tol en Haalke Klazes Klaver. Hy is syn libben lang frijfeint bleaun. Teye stie bekend as yntelligint en hy hie boeken. Hy learde himsels Gryksk, Latyn en Hebriuwsk. Jierrenlang kamen in soad pasjinten by him, dy't er behannele mei sels sochte krûden. De fêstige genêskunde liet him gewurde, sadat er rêstich syn wurk dwaan koe. Hy die ek oan stjerrekunde

Teye Tol soe frijmitseler west hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Henstra, K. R., Eversen, M., Duivelbanners en wonderdokters in de wouden.
  • NNBW
  • Scaevola, In wûnderdokter út de Wâlden, yn: Yn ús eigen Tael (Snits, 1914)