Springe nei ynhâld

Tasitus (keizer)

Ut Wikipedy
Mei tastimming fan Classical Numismatic Group, Inc. (CNG)
Tacitus
200(?)-276
Foargonger:
Aurelianus
Keizer fan Rome
275-276
Opfolger:
Florianus
Tijdvak Herstel
Nammen
berne: Marcus Claudius Tacitus
koartsein: Tasitus
Famylje
Healbroer fan: Florianus

Tasitus (Latyn: Marcus Claudius Tacitus; om 200 - juny 276) wie Keizer fan Rome fan novimber (?) 275 oant juny 276.

Fan keizer Tasitus is net folle bekend útsein út de Historia Augusta, mar dizze boarne is net botte betrouber. It leger liet wierskynlik de kar fan in keizer oan de Senaat, mar dit earbiedwurdige lichem die gjin ferstannige kar. Rome hie ferlet fan in sterke militêr. Tasitus wie al frij âld en in rike senator. De Germanen holden hûs yn Galje. Hy fersloech al de Goaten dy't Lyts-Aazje ûnfeilich makken, mar dêrnei stoar hy. Wêroan is net bekend. Hy hie syn healbroer Florianus ta Prefect fan de Praetoriaanske Garde beneamd en dizze besocht him op te folgjen. Nei in koarte regearperioade fan Florianus, waard lykwols Probus úteinlik de nije keizer en it wie it leger dat besliste. De Senaat stie bûten spul.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]