Springe nei ynhâld

Oerlis:Tasitus (keizer)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik haw in oantal siden oanmakke fan Romeinske keizers. Derby haw ik safolle mooglik de nammen ferfryskt. Derom wol ik graach hjir de namme oanpasse yn Takitus of Tasitus. Wat fiene oaren derfan.--Geoffrey 25 mar 2007, 19.30 (CEST)

It bliuwt fansels altiten lêstich, hoe fier geane je mei dit soarte fan saken. Ik wit eins net seker hoe at Tacitus útsprutsen wurdt, ik tink eat fan Tatsitus, mar om dat no sa te skriuwen, ik wit it net. Takitus liket my hielendal net goed. Miskien Markus Klaudius Tazitus (dan liket it op de baskyske (eu) stavering). Ik sjoch meast ek mei dit soarte fan saken efkes nei de interwiki's dan kinne je altiten efkes sjen oft in stavering yn oare talen ek oanpast wurdt en kinne je fergelykje mei besibbe talen. Theun 25 mar 2007, 20.51 (CEST)

Noch efkes wat staveringstips
  • ferfryskt ->ferfryske.
  • fiene ->fine


Tasitussen

[boarne bewurkje]

Hjir giet wat skeef. Dit soe de betsjuttingsside wêze moatte, dêr't fan weiwiizd wurdt nei de siden oer de skriuwer en de keizer. It is no krekt oarsom. Aliter 13 okt 2007, 01.48 (CEST)[beäntwurdzje]

Tacitus en Tasitus

[boarne bewurkje]

Der is in side Tacitus en in side Tasitus. Dat moat in flaterke wêze tinkt my. Ek omdat op Tacitus nei de neibetsjuttingsside Tasitus keppele wurdt.J'88 27 okt 2009, 10.08 (CET)[beäntwurdzje]