Springe nei ynhâld

Tambora

Ut Wikipedy
Satellytfoto fan de Tamboara
Krater fan de Tambora

De Tambora is in fulkaan op it Yndonesyske eilân Soembawa.

De útbarsting fan de fulkaan yn april 1815 wie ien fan de grutste útbarstingen sûnt minskeheugenis. By de útbarsting ferlear de fulkaan likernôch in tredde fan syn eardere hichte: fan sa'n 4.200 meter nei in 2.800 meter. Hjirby untstie in krater fan seis kilometer in trochsnee. De gefolgen fan de erupsje wiene desastreus. It direkte oantal deaden troch de útbarsting wurdt rûsd op 10.000 minsken.

Om't de útbarsting de rispinge ferneatige, ûntstie op Soembawa in grutte hongersneed mei derby sykten. Dêrtroch rekken nochris sa'n 37.000 minsken om hals. Ek de floara en fauna op it eilân hiene bot te leien fan de útbarsting.

Fierders bleaune de gefolgen fan de útbarsting net beheind ta Soembawa; ek de omlizzende eilannen underfûnen de gefolgen. Foaral Bali en Lombok waarden troffen troch in fûle jiskerein, wêrtroch ek op dy eilannen de rispinge foar in grut part ferlern gie, mei hongersneed as gefolch.

Resinte stúdzjes hawwe oantoand dat de gefolgen noch folle grutter west hawwe. De fulkaanútbarsting beynfloede it waar oer de hiele wrâld, wêrtroch de rispinge sels op plakken yn Jeropa en Kanada mislearre. De wrâldwiide gefolgen fan dizze fulkaanútbarsting mei in grut tal yndirekte deaden, lykas nei skatting yn Jeropa mear as 100.000, binne hast net te befetsjen.