Tamara Brinkman
Tamara Brinkman (Laren, 31 maaie 1978) is in Nederlânsk aktrise, radio- en telefyzjepresintatrise.
Nei de hafû die se de akteursoplieding Het Docentencollectief. Dêrnei hie se hie gastrollen yn ûnder oaren Oppassen!!! en Goudkust. Mear bekend waard hja yn 1997, doe't hja de rol fan Babette Maters-Couwenberg yn Onderweg naar Morgen spile. Yn 2001 hold se dêr mei op, wêrnei se voice-overwurk dwaan soe. Se waard ûnder oare de stim en it gesicht fan bernetelefyzjestjoerder Nickelodeon en de stim fan VJ Virtuele Sita op TMF Nederlân (2002-2003).
Fan juny 2004 oant en mei jannewaris 2006 wie Brinkman produsint en sidekick fan it radioprogramma ruuddewild.nl. Fan april 2006 oant en mei septimber 2010 presintearre Brinkman in jûnsprogramma op Slam!FM. Nei't de programma stoppe bleau se wol de station-voice fan de stjoerder.
Sûnt 8 jannewaris 2018 is Brinkman te sjen as Titia van Duin yn de searje Zomer in Zeeland.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tamara Brinkman fan Wikimedia Commons. |