Takao Kobayashi

Ut Wikipedy

Takao Kobayashi (小林 隆男, Kobayashi Takao; 1961) is in Japans heechlearaar en amateurastronoom, dy't syn waarnimmingen yn it Oizumi Observatoarium docht.

Kobayashi hat mear as 2000 planetoïden fûn. Hy hat ek de komeet P/1997 B1 (Kobayashi) ûntdutsen, dy't er ynearsten as planetoïde rapportearre.

De planetoïde (3500) Kobayashi is nei him ferneamd.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Takao Kobayashi is professor oan it Interdisciplinary Graduate School of Science and Engineering. Dêrnjonken wurket er by Mitsubishi Chemical Corporation.