Springe nei ynhâld

Taiboksen

Ut Wikipedy
Twa Taiske jonges dogge de rituele dûns, foar it boksen.

It Taiboksen (Tai: มวยไทย , muay Tai) is in âlde fjochtsport dy't al iuwen yn Tailân beoefene wurdt. It taiboksen is yn Tailân tige populêr. It hjoeddeiske Muay-Tai komt yndirekt út de wapene fjochtkeunst Krabi Krabong. Wannear't yn Krabi Krabong in fjochter syn wapens net mear hie, koe hy 8 oare lichemsdielen as deadlik wapen brûke, dy tûke wurdt Muay-Boran neamd. Ut it deadlike Muay-Boran wei is it hjoeddeiske, op wedstriden rjochte, Muay-Tai ûntstien.
In protte Muay-Boran techniken binne net mear tastien by wedstriden omdat dy gewoanwei te deadlik binne. In oantal techniken dy't wol tastien binne komme lykwols noch hurd oan.

Yn it ferline stie Muay-Tai ek bekend as:

  • Mai See Sawk
  • Muay Pahuyuth
  • Chaiaboksen
  • Muay Tai
  • Siameesk Boksen (Siam is de âlde namme foar it hjoeddeiske Tailân)

By it taiboksen liket op it earste oansjen hast alles tastien te wêzen, mar is dochs wol oan regels bûn. De 'wapens' dy't tastien binne binne de fûsten, earmtakken, knibbels en de skonken. De fûsttechniken binne ûngefear lyk oan it boksen, it ferskil sit him yn it brûken fan de knibbels, earmtakken en skonken.

Krektas de bokser syn tsjinstanner k.o. slacht mei syn fûsten is dit de taibokser ek mei de skonken tastien. Trapen kinne nei de holle en lichem en boppeskonk makke wurde. Foaral de saneamde "low kicks", dy't op de boppeskonkspier belanje, hawwe in bysûnder effektive en ek wol pynlike útwurking. By werhelle kontakt kin de taibokser net op de skonken stean bliuwe en moat hy bytiden belies jaan.

In oar ferskil mei it boksen is it saneamde "clinchen". Wurde by it normale boksen de fjochters skieden op it momint dat hja elkoar om samar te sizzen "omearmje", by it taiboksen is it ek tastien om de tsjinstanner mei de knibbel of earmtakke te bewurkjen en sa mooglik mei judowoarpen tsjin it kanvas te goaien. Al mei al freget dizze sport in protte trening fan de beoefener, eardat der oan wedstriden meidien wurde kin. In soad minsken dogge dizze sport dêrom allinnich rekreatyf, it wedstrydelemint is mar foar in lytse groep wei lein.(boarne: inpa kai muay)

It taiboksen is in fjochtsport dy't al iuwen bestiet; it waard yn Tailân en buorlannen yn tiid fan frede beoefene troch de soldaten en boeren. Ein sechtiger, begjin santiger jierren fan de tweintichste iuw, begûnen de Jeropeanen en Amerikanen har hieltyd mear te ferdjipjen yn dizze sport. Yn dy tiid is it dêr ek yntrodusearre. Westerlingen hawwe doe it taiboksen omfoarme ta skopboksen, troch it weilitten fan bepaalde techniken en de rituele dûnsen der omhinne (de Rammuai). Der binne sûnt dy tiid ferskate bûnen en stilen ûntstien dy't allegear oare regels/techniken hawwe.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Taiboksen fan Wikimedia Commons.