Springe nei ynhâld

Tafelberchheide

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tafelbergheide)
Tafelbergerheide fan de útsjochhichte ôf
Restaurant Tafelberg

De Tafelberchheide is in heech lizzend heidegebiet tusken Huizen en Laren fan ± 74 bunder yn de gemeente Huizen. It gebiet is ûnder behear fan it Goaisk Natoerreservaat. Nei it suden, oan de Alde Naarderwei, giet de Tafelbergerheide oer yn de Blarikumerheide.

It heidegebiet hat ferskate hichteferskillen, feroarsake troch it lâniis yn de tiid fan de Riss-iistiid. Heechste punt is de Tafelberch dêr't de heide syn namme troch krigen hat. Dizze heuvel fan 36,4 meter is ien fan de heechste punten fan de provinsje Noard-Hollân. De namme is ûntliend oan in âlde oriïntaasjetafel dy't op dizze gloaiïng stien hat. In diel derfan is noch te besjen yn it Goaisk Museum.

Op de heide binne in soad liemkûlen. Se binne it gefolch fan aktiviteiten troch eardere bewenners fan It Goai dy't hjir klaai weihellen om te de flierren en hiemen fan harren pleatsen mei te ferhurdzjen. De liem komt út Noard-Europa en waard yn de Riss-iistiid mei it gletsjeriis meifierd. De liemkûlen binne tige fan wearde troch it foar Nederlân unike plantelibben dat der fûn wurdt.

Sûnt 1990 rinne op de Tafelberchheide Drintske heideskiep; yn 1991 kamen dêr ek noch kij by. Yn it begerske diel moatte hûnen oanline wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: