Tafefoby
Tafefoby (Gryksk: ταφηφοβία, fan τάφος), dat is grêf en - grêffoby) is de eangst om libben (skyndea) bedobbe te wurden.
Foardat de moderne medyske wittenskip opgong makke wie de eangst om libjend bedobbe te wurden net alhiel sûnder rasjonele grûn. Der binne yn de skiednis tal fan gefallen bekend fan lju dy't troch ûngelok te betiid ûnder de grûn brocht wiene. Yn 1905 kaam de ingelskman William Tebb by syn ûndersyk op 219 gefallen fan minsken dy't benei libbend bedobbe waarden, 149 gefallen dat it feitlik bard wie, 10 gefallen fan seksje op noch libjende minsken en 2 gefallen fan minsken dy't ûnder it balsemjen 'wekker waarden'.[1]
Yn de 18e iuw wiene mûle-op-mûlebeademing en primitive defibrillaasjetechniken útfûn om minsken dêr't fan tocht waard dat sy dea wienen nij libben yn te blazen. Yn Ingelân waard de Royal Humane Society oprjochte, in feriening foar behanneling fan minsken dy't fersûpt liken te wêzen.[2] De Amerikaanske begraffenisûndernimmer T.M. Montgomery fernijde yn 1896 dat "nearly 2% of those exhumed were no doubt victims of suspended animation,"[3] alhoewol't folklorist Paul Barber seit dat it foarkommen fan it begraven fan libbene persoanen te heech rûsd wurden is en dat normale ferskynsels fan ûntbining wol oansjoen binne foar tekens fan libben.[4]
Der binne is soad optochte ferhalen oer minsken dy't by ûngelok begroeven binne. Ferhalen oer lju yn in tastân fan sopor (djippe sliep) as koma, dy't jierren letter wekker waarden om op ôfgryslike wize dea te gean. Oare ferhalen oer kisten dy't letter iepene waarden om dan minsken te finen mei in lang burd of mei de earms omheech, ensafuorthinne. George Washington liet op syn deadsbêd (1799) minsken belove sy him de earste twa dagen net te hôf bringe soenen. De filosoof Arthur Schopenhauer liet yn syn testamint fêstlizze, dat er net bedobbe wurde mocht foardat bliken dien hie dat syn lyk oan it fergean wie.
Skriuwers makken ek tankber gebrûk fan de natuerlike eangst om libben bedobbe te wurden. Ien fan Edgar Allan Poe syn horrorferhalen, "The Premature Burial", giet oer in persoan mei tafofoby. Oare ferhalen fan Poe oer te hastige begraffenissen binne "The Fall of the House of Usher" and "The Cask of Amontillado".
Tafefoby gie somtiids safier dat begoedige lju feilichheidskisten meitsje lieten.[5] Sa kamen der kisten mei in lit fan glês, mei pypkes om troch te sykheljen en mei in tou fêstmakke oan in klok om lûd jaan te kinnen yn gefal fan in te betide begraffenis.[6]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|