T-sekshâlding
De T-sekshâlding is in net faak foarkommende sekshâlding dy't yn it Ingelsk ek wol de T-square neamd wurdt. Hjirby leit de frou plat op 'e rêch mei de knibbels oplutsen en de skonken in stikje útinoar. De man leit op 'e side mei syn heupen ûnder har knibbels en penetrearret har dus op in hoeke fan 90°. Dizze sekshâlding kin behalven foar faginale seks ek foar anale seks brûkt wurde en behalven troch in manlike en in froulike sekspartner ek troch twa homoseksuele manlju.
By in oanpaste foarm fan 'e T-sekshâlding leit de frou op 'e side mei de knibbels oplutsen yn in lichemshâlding dy't wol wat op 'e foetushâlding liket. Se kin op bêd lizze, mar it is handiger as se wat heger leit, bgl. op 'e bank of op in tafel. De man sit op knibbels of stiet rjochtop en penetrearret har dêrby ek wer op in hoeke fan 90°.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |