Sybrandt fan Hottinga
Appearance
Sybrandt fan Hottinga, († Grins, 1584), wie sûnt 1566 grytman fan Skoatterlân. Hy wie de soan fan Jarich fan Hottinga, hôveling te Frjentsjer.
Sybrandt wie it benammen dy't behindere dat de twist oer de kompanjons fan syn feanen yn syn gritenij net út de hân rûn, mar oan it Hof ta beslissing opdroegen waard. Yn 1579 ferklearre hy him tsjin de Uny fan Utert. Letter ôfsetten en band, is hy yn 1584 te Grins ferstoarn en yn de Aatsjerke dêr begroeven. Hy boaske Maaike of Marije fan Naerden of Neerden dy't him oerlibbe en yn 1602 ferstoar.
Yn syn ôfwêzigens waard, sûnt 28 juny 1571, Anne Scholtes út Nijhoarne as plakferfangend grytman oansteld.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |