Springe nei ynhâld

Swisttal

Ut Wikipedy
Swisttal
flagge wapen
lokaasje
Gemeentehûs
polityk
lân Dútslân
provinsje Noardryn-Westfalen
sifers en geografy
haadplak
grutste plak Heimerzheim
ynwennertal 18.763 (2020)
befolkingstichtens 302 / km²
oerflak 62,22 km²
tal doarpen 10 Ortschaften
skiednis
oprjochte 1969
oar
netnûmer 02254 (Dünstekoven, Heimerzheim), 02226 (Buschhoven, Morenhoven, Miel), 02255 (Essig, Ludendorf, Odendorf, Ollheim), 02251 (Straßfeld)
postkoade 53913
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside Side gemeente Swisttal

Swisttal is in gemeente yn 'e Rhein-Sieg-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen.

De gemeente ûntstie op 1 augustus 1969 yn it ramt fan in weryndieling fan lannelike gemeenten yn Noardryn-Westfalen. De gemeente Swisstal waard foarme troch gearfoeging fan de eardere selsstannige gemeenten Buschhoven, Essig, Heimerzheim, Ludendorf, Miel, Morenhoven, Odendorf en Ollheim.

It grutste plak yn de gemeente Swisttal is Heimerzheim. It gemeentehûs fan Swisttal stiet tusken de doarpen Ludendorf en Essig.

De gemeente bestiet út 10 Ortschaften:

  • Heimerzheim
  • Buschhoven
  • Dünstekoven
  • Essig
  • Ludendorf
  • Miel (Swisttal)
  • Ollheim
  • Odendorf
  • Morenhoven
  • Straßfeld

Fierder lizze ek de buorskippen Hohn, Mömerzheim, Vershoven en Müttinghoven yn de gemeente.

De gemeente wie yn 2021 ien fan de gemeenten yn it gebiet, dy't nei swiere rein yn de nacht fan woansdei 14 july op tongersdei 15 july troffen waard troch slimme wetteroerlêst. It rivierke Swist, normaal mar twa meter breed, waard 200 meter breed. In meter hege floed sette hûzen en kelders ûnder wetter en 6000 ynwenners fan Heimerzheim moasten evakuëarre wurde. In soad ynwenners rekken alles kwyt.