Springe nei ynhâld

Gewoane swevelkopke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Swevelkopke)
Gewoane swevelkop
taksonomy
ryk skimmels (Fungi)
stamme stâltsjeswammen (Basidiomycota)
klasse plaatsjesswammen (Agaricomycetes)
skift plaatsjesswammen (Agaricales)
famylje (Strophariaceae)
skaai swevelkoppen (Hypholoma)
soarte
Hypholoma fasciculare
(Huds.) P.Kumm. (1871)

De gewoane swevelkop (Hypholoma fasciculare, earder ek: Psilocybe fascicularis) is in giftige poddestoel, dy't ta de famylje Strophariaceae heart en yn ús kontrijen ien fan 'e meast foarkommende poddestuollen is.

Ofbyld fan gewoane swevelkopkes.

De hoed hat in diameter fan 2 oant 6 sm en in swevelgiele mei in donkerder, faak roestread of oranjebrún sintrum. Oan 'e râne fan 'e hoed sitte faak donkerbrune skobkes of felumresten. De foarm is ynearsten bolfoarmich, letter platter mei in bultsje yn 'e midden of somtiden in dûk. De plaatsjes steane tich op inoar en binne ynearsten gieleftich, dan grieneftich en lang om let oliifbrún. De spoaren binne poarperbrún fan kleur.

Gewoane swevelkopkes ha in 3 oant 10 sm lange en 4 oant 10 mmm dikke stâl mei in swakke ringsône. De stâl is fierder yn 'e regel oeral like dik of wurdt nei boppe smeller. De kleur is swevelgiel en oan 'e basis oranjebrún. Fan binnen is de stâl hol.

De gewoane swevelkop wurdt gau betiizge mei de ytbere dinneswevelkop (Hypholoma capnoides) en it stobbeswamke (Kuehneromyces mutabilis).

Grutte groepen gewoane swevelkopkes.

De soarte hat in grutte fersprieding yn Noard-Europa en Noard-Amerika. Der binne ek waarnimmingen bekend út Iran en yn it easten fan Turkije. Yn Nederlân is it in tige soad foarkommende soarte en neffens de Fryske natoergids fan Sake Roodbergen is it yn Fryslân de meast foarkommende poddestoel. De poddestoel komt yn 'e maitiid oant de lette hjerst foar en groeit yn tichte groepen oan 'e foet fan leaf- of nullebeammen yn bosken en parken. It gewoane swevelkopke is in saprofyt en hiel faak binne se yn grutte groepen op dea hout te sjen.

De gewoane swevelkop is tige giftich en dus net ytber. Nei it iten ûnsteane nei 5 oant 10 oeren klachten lykas diarree, mislikens, spuie en der hinne falle. Ek binne der gefallen fan in minder sicht en ferlamming. Nei in pear dagen ferdwine de klachten wer. De smaak fan 'e gewoane swevelkop is bitter.

Bûtenlânske nammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Dútsk: Grünblättriger Schwefelkopf
  • Frânsk: Hypholome en touffe, Agaric doré
  • Ingelsk: Sulphur tuft
  • Italjaansk: Ifoloma fasiculato
  • Nederlânsk: Gewoon Zwavelkopje

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: