Springe nei ynhâld

Swettewille

Ut Wikipedy

De Swettewille is in brêge yn Snits oer it Harinxmalâns wetter. De brêge is yn 2017 boud by it oanlizzen fan Faze 1 fan de wyk Harinxmalân.

Simmer 2017 waard lju fan de wyk yn de simmer fan 2017 frege om in namme foar de brêge. Jan Anne de Groot kaam oan mei dizze namme, dy't oanjout dat it goed wenjen wêze soe yn de wyk en dat De Swette der tichtby foarby rint. De namme is 7 novimber 2017 takend troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân, en is 28 novimber ûntbleate.