Sweedsk readbûnt
It koweras Sweedsk read, of Sweedsk readbûnt neamd, wurdt yn Sweden oantsjut as Svensk Rödbrokig Boskap en Svensk Röd och Vit Boskap; it middelgrutte ras is yn it generaal read, mar sa as de twadde namme al seit, komme read-wyt tekene bisten ek foar.
It ras is ûntstien út in krusing tusken Sweedsk read mei de Ayrshire en it Noarsk read-ras.
Folwoeksen kij hawwe in gewicht fan sa'n 550 kg en folwoeksen bollen wurde sa'n 800 kg. Skofthichte is sa'n 140 sm. It ras wurdt yn it foarste plak as melkko brûkt, mar is ek wol gaadlik foar fleisproduksje.
Yn 2005 produsearren 152.000 fan dizze kij trochstrings 8599 kg molke mei 4,33 % fet en 3,50 % aaiwyt de liter. Hoewol't it ras in frijwat hege molkproduksje hat sakket it tal bisten fan dit ras yn Sweden. Sy hawwe dêr konkurrinsje fan de noch better produsearjende Holstein-Friesian.