Swarte Wyk
Appearance
De Swarte Wyk is in feart yn de gemeente Smellingerlân. De Swarte Wyk rint fan de N31 by Drachten yn de rjochting fan Drachtster Kompenije. It is ien fan de hiele soad wiken dy't yn noardeastlike rjochting rinne en yn de tiid fan de feanterij groeven binne. Dizze wyk rint tusken de Koarte Wyk en de Siktaris Eringawyk.
De namme Swarte Wyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zwarte Wijk.