Sviatoslav Vakartsjûk

Ut Wikipedy
Sviatoslav Vakartsjûk
sjonger en/of muzikant
Sviatoslav Vakartsjûk yn 2022
Sviatoslav Vakartsjûk yn 2022
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Oekraïnsk
berne 14 maaie 1975
berteplak Mûkatsjevo
wurkpaad
sjenre Rock
sjongtaal Oekraynsk
ynstrumint Gitaar, stim: bariton
jierren aktyf 1994 - no
offisjele webside
Webstee Okean Elzy]

Sviatoslav Ivanowitsj Vakartsjûk, bynamme Slawa, (Mûkatsjevo, 14 maaie 1975) is in Oekraynske muzikant, politikus, aktivist en militêr. Hy is de leadsjonger fan Okean Elzy, in rockband yn Oekraïne. Vakartsjûk hie earder in sit yn it Oekraynske parlemint en is de oprjochter fan de politike partij de Stim (Голос Holos) yn maaie 2019.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vakartsjûk waard berne yn de westlike Oekraynske stêd Mukachevo, yn in famylje fan wittenskippers. Vakartsjûk is in soan fan Ivan Vakartsjûk, in professor yn de natuerkunde oan de Universiteit fan Lviv en in earder Oekraynsk minister fan Underwiis en Wittenskip.

Vakartsjûk wie aktyf yn it stypjen fan de Oranje Revolúsje yn de hjerst fan 2004 en Euromaidan yn 2013/14,[1] en is belutsen by in soad sosjale en kulturele projekten. Hy is ien fan de meast suksesfolle muzikanten yn Oekraïne en hat in doktoraat yn teoretyske natuerkunde.

As lid fan Okean Elzy, in rockband oprjochte yn 1994, wurdt er beskôge as de bekendste en populêrste sjonger fan Oekraïne. Foar de band skriuwt er de measte ferskes en teksten yn syn memmetaal Oekraynsk en ek is er it Russysk, Poalsk en Ingelsk machtich. Hy wie sjuerylid by The Voice of Ukraine yn seizoen 3, 4, 5, 6 en 12.

Yn 2005 wie Vakartsjûk de earste winner fan in miljoen hryvnia yn de Oekraynske ferzje fan Who Wants to Be a Millionaire. Hy donearre de winst oan weeshuzen yn Oekraïne. [2]

Vakartsjûk kaam yn 2019 werom yn de polityk en waard nei de parlemintsferkiezingen fan 2019 parlemintslid foar de troch him oprjochte partij Stim(Голос Holos) .

As reaksje op de Russyske ynvaazje yn Oekraïne sleat Vakartsjûk him op 6 maart 2022 oan by de territoriale ferdigening fan de oblast Lviv. Ein april 2022 wie er oan it front yn Barvinkove. Hy spile muzyk oan it front om it moreel fan de soldaten en de boargerbefolking te ferheegjen mei in ienfâldige gitaar, ek yn de omstriden gebieten. Filmmakker Bernard-Henri Lévy frege him de muzyk te komponearjen foar syn film oer de oarloch Slava Ukraini.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Slawa mei de band Okean Elzy, 2016

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1998 Там де нас нема
  • 2000 Янанебібув
  • 2001 Модель
  • 2003 Суперсиметрія
  • 2003 Тvій формат
  • 2005 Gloria
  • 2006 1221
  • 2007 Міра
  • 2010: Dolce vita
  • 2013: Земля
  • 2016: Без меж

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1996 Будинок зі скла
  • 2002 Холодно
  • 2004 911 (Тихий океан)
  • 2004 Дякую
  • 2006 Веселі часи
  • 2010 Dolce Vita
  • 2022 Весна

Soloalbum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2008 Вночі

Earbetoan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2005 Eare keunstner fan Oekraïne.[3]
  • 2014 Wassyl-Stus-Priis
  • 2015 Eareboarger fan de stêd Kiev]][3]
  • 2015 Eareboarger fan de stêd Lviv
  • 2016 Oekraynske Oarder fan de Frijheid[4]

Kepplings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: