Springe nei ynhâld

Suze Groeneweg

Ut Wikipedy
Suze Groeneweg

Suzanna (Suze) Groeneweg (Strijensas, 4 maart 1875 - Barendrecht, 19 oktober 1940) wie in Nederlânsk politika. Sy wie it earste froulike Twadde Keamerlid yn Nederlân.

Suzanna Groeneweg wie in fûl pleitbesoarchster fan folksûnderwiis. Sels wie se ûnderwizeresse yn Rotterdam. Sy gou as feministe, mar wie tsjinstanner fan aparte frouljusorganisaasjes.

Groeneweg wie bestjoerslid fan de SDAP doe't by de grûnwet yn 1917 fannijs besjoen waard; neist it algemien kiesrjocht foar manlju waard doe ek it passyf frouljuskiesrjocht ynfierd. Doe't yn 1918 de earste ferkiezingen ûnder it nije systeem hâlden waarden, wie Groeneweg gadingmakker en waard sy ek keazen. Sy hie in sit yn it parlemint oant 1937.

Njonken Kamerlid wie hja ek Steatenlid en lid fan de gemeenteried fan Rotterdam. Sy wie in fûl sosjaliste, neffens boargemaster P.J. Oud gjin 'katsje om sûnder wanten oan te pakken'. Sy wie warber yn de drankbestriding, wie pasifiste en antimilitariste.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]