Springe nei ynhâld

Supermarine Type 322

Ut Wikipedy

De Supermarine Type 322 (spesifikaasjenûmer S.24/37) wie in Britsk torpedo-, dûkbommesmiter en ferkenningsfleanmasine út de Twadde Wrâldoarloch. It wie in ienmotorige iendekker ornearre om fan fleandekskippen te operearjen en de Fairey Albacore te ferfangen. It tastel, mei de bynamme Dumbo, wie lykwols gjin súkses en der binne mar twa prototypes fan boud.

It earste prototype (R1810) fleach op 6 febrewaris 1943. Beide prototypen binne noch wol brûkt foar fleaneksperiminten.

Spesifikaasjes (S.24/37)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Algemien
  • Bemanning: 3
  • Lingte: 12,20 m
  • Spanwiidte: 15,24 m
  • Hichte: 4,32 m
  • Fleugeloerflak: 29.7 m²
  • Gewicht leech: 4.170 kg
  • Gewicht mei lading maks.: 5.454 kg
  • Motor: 1 Rolls-Royce Merlin 30 (Rolls-Royce Merlin 32) V-12, 1.300 hk by 3000 tpm (1.600 hk by 3.000 tpm) op seenivo (970 kW)
Prestaasjes
  • Topfaasje: 279 m/o (449 km/o)
  • Stallfaasje: 58 m.p.h. (92.8 km/o)
  • Fleanberik: 825 m (717 nmi, 1.370 km)
Bewapening
  • Masinegewearen (mg): 1 × .303 in (7.7 mm) Browning mg yn de fleugel, 1 × .303 in (7.7 mm) Vickers K mg of Browning yn de efterste cockpit
  • Bommen: 1 × 18 in (457 mm) torpedo (1,500 lb) of 6 × 250 lb (113 kg) bommen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]