Sundsvall (stêd)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sundsvall
Sundsvall in Sweden.png
Sifers
Ynwennertal 58.065 (2016)
Oerflak 27,39 km²
Befolkingstichtens 1.355 / km²
Hichte 0-240 m
Polityk
Lân Flag of Sweden.svg Sweden
Län Västernorrlands läns vapen.svg Västernorrlands län
Gemeente Sundsvall
Oar
Stifting 1621
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside (in) Sundsvall
Sundsvall nei de brân fan 1888

Sundsvall is de haadstêd fan de gemeente Sundsvall yn it lânskip Medelpad en de provinsje Västernorrlands län yn Sweden. Mei 58.065 ynwenners (2016) is Sundsvall de tredgrutste stêd fan it lânsdiel Norrland. De stêd oan de Botnyske Golf leit 395 km noarlik fan Stokholm.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 25 juny 1888 waard Sundsvall troffen troch de grutste brân yn de skiednis fan Sweden. Fan de stêd wie oan de ein fan dy dei net in protte mear oer, mei't hast alle huzen fan hout wienen en it fjoer him dêrom ienfâldich útwreidzje koe. Der waard besletten dat Sundsvall op 'e nij opboud wurde moast, mar no út stien. Om dy reden krige it sintrum letter de bynamme Stenstad (Frysk: 'Stienstêd').

Stedsbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Sundsvall[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]