Springe nei ynhâld

Stropanne

Ut Wikipedy
In stropanne mei oan 'e binnenkant in anty-oanbaklaach.

In stropanne is in platte panne foar itensieden op in gasstel of ynduksjestel, dy't mar ien inkeld langwerpich, fansiden útstykjend hânsel hat. De term "stropanne" is geandewei de tweintichste iuw yn ûnbrûk rekke en de measte Friezen sille dizze panne sadwaande nei alle gedachten better kenne as in koekepanne (wat eins in hollanistyske ynterferinsje is op basis fan it Nederlânske wurd koekenpan).

Stropannen binne fral tige gaadlik reau foar bakken. De panne ûntliend syn namme oan it feit dat der û.o. stro ("pannekoeken") yn bakt wurde kin. Oare soarten iten dy't deryn bakt wurde, binne bygelyks grienten, sipels, bakte aaien of opbakte ierappels. Ek is it mooglik om der fleisprodukten yn te brieden.

In wat djippere stropanne mei in rjochtere, mear opsteande râne, wurdt ek wol in hapkespanne of sautearpanne neamd. In ovale stropanne is bedoeld foar it bakken fan fisk en wurdt dêrom ek wol in fiskpanne neamd.

Stropannen binne makke fan in metaal lykas getten izer, stiel, roastfrij stiel, aluminium of koper. Oan 'e binnenkant is it metaal ornaris oerdutsen troch in anty-oanbaklaach fan keunststof. De earste anty-oanbaklagen waarden yn 'e njoggentjinde iuw ûntwikkele en wiene fan emalje. Yn 'e 1960-er jierren kamen bettere anty-oanbaklagen beskikber, dy't fan teflon of oare fluorpolymearen makke wiene. Fan resinter datum binne keramyske anty-oanbaklagen, dy't basearre binne op inkele mikrometers silisiumdiokside.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Referenties, op dizze side.