Springe nei ynhâld

Stripschrift

Ut Wikipedy

Stripschrift (Frysk: Stripskrift), is in Nederlânsk stripynformaasjeblêd dat oprjochte waard yn 1968 troch Het Stripschap en dat sawat acht kear yn it jier ferskynt.

It blêd befettet sawol strips as ynformaasje oer strips en striptekeners út binnen- en bûtenlân. Alle kearen dat in ferneamde makker fan tekenteltsjes stjert wurdt der yn Stripschrift by stilstien en wiidweidich oan dy persoan in artikel wijd. Ek ferskine der gauris spesjals oer in kompleet oeuvre, oftewol it komplete wurk fan in teltsjeskriuwer as -tekener.

Stripschrift jildt as it âldste tekenteltsjefekblêd fan 'e wrâld. Tsjintwurdich is it in selsstannich blêd en wurdt it ûtjûn troch Stripstift.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]