Stetoskoop
in stetoskoop (Gryksk stèthos = boarst(kas)) is in ynstrumint om nei lûden yn het lichem te lústerjen (auskultaasje).
De earste stetoskoop is beskreaun troch de Frânsman René Laënnec dy't neffens de oerlevering, in koker fan oprôle papier brûkte om nei de hertslach fan in mûtele dame te lústerjen ynstee fan it ear tsjin it lichem (hjir de boezum) te hâlden wat oant dan ta wenst wie om lichemslûden te belústerjen.
In moderne stetoskoop bestiet út in membraan, oer in fierders sletten holte spand, dêr't in slang yn útkomt dy't oan de oare kant útmûnet yn twa earstikken mei dopkes dy't de heargongen fan de ûndersiker luchtticht ôfslute. Trillingen yn it membraan wurde sa fia de lucht yn de slang oerbrocht op it trommefluezen fan de harker. Faak hat de stetoskoop oan de oare kant in klok mei in rubberen ring dy't, goed op de hûd oanslutend set, de hûd sels as membraan funksjonearje lit; sa kinne de wat legere toanen better heard wurde. Omdat it oerflak fan it membraan grutter is as dat fan het trommelflues, wurdt it lûd fersterke. By stetoskopen mei mear koppen moat de kop draaid wurde om it lústerkanaal oan de winslike kop te keppeljen.
Der binne ek moderne stetoskopen mei mikrofoans en fersterkers, mar fierwei de measte dokters brûke noch it tradisjonele model.
De stetoskoop is yn hast alle medyske spesjalismen sa'n fêst part fan de útrissing fan de arts, dat it stik ark wurdt faak as in soarte fan symboal sjoen foar it begryp 'arts' of 'genêskunde'. De meast hantsume stetoskopen binne lichte en lytse modellen ('bloeddrukstetoskopen' of 'ferpleechstersstetoskopen'), mar harren kwaliteit lit te winskjen oer. In goede stetoskoop hoecht net al te djoer te wêzen, mar is wol frijwat foars en stiif troch de dikke slangen en de solide kop dy't nedich binne foar in goede wurking.