Sterke kearnkrêft
De sterke (kearn)krêft of sterke wikselwurking is de sterkste fan de fjouwer fûnemintele natuerkrêften út de natuerkunde. De sterke kearnkrêft beynfloedet allinnich kwarks en antikwarks en is ferantwurdlik foar it gearbinen fan kwarks sadat dy hadroanen foarmje kinne lykas protoanen en neutroanen.
Residuele effekten (gearfetten yn de Yukawa-potinsjaal) rikke oant bûten it hadron en bine de neutroanen en protoanen dêrnei ta de kearn fan it atoom. Sûnder dy krêft soenen de posityf laden protoanen elkoar ôfstjitte en soe in atoomkearn net bestean kinne.
De sterke kearnkrêft ûntstiet troch it kontinu útwikseljen fan krêftfierende dieltsjes tusken de kwarks. Dy krêftdragende dieltsjes hjitte gluoanen (fan it Ingelske "glue" dat lym betsjut).
De sterke kearnkrêft wurdt beskreaun troch de kwantumgromodynamika. De wurking wurdt ek wol omskreaun mei de term "kleurkrêft". Dêrby wurdt der fan útgien dat kwearks trije kleuren hawwe kinne (read, blau, grien) en anti-kwarks ek (anty-read, anty-blau, anty-grien). In gluon transportearret kleurlading fan de iene nei de oare.