Stefan Zweig

Ut Wikipedy
Stefan Zweig 1901
Hantekening Zweig

Stefan Zweig (Wenen, 28 novimber 1881 - Petrópolis (by Rio de Janeiro), Brazylje, 22 febrewaris 1942) wie in wichtich Eastenrykske skriuwer fan Joadsk komôf. Zweig studearre Germanistyk, Romaanske keunst en Filosofy yn Eastenryk, Frankryk en Dútslân. Yn 1913 festige er him yn Salzburg.

Op it hichtepunt fan syn literêre karriêre, yn de tweintiger- en tritigerjierren, wie er ien fan ferneamdste skriuwers fan de wrâld.[1] As biograaf hat Zweig in protte histoaryske en literêre figuren út it Europeesk kultuergebiet beskreaun. Letter skreau er novelles en romans dy't der út pykten troch harren psychology en it subtile gebrûk fan taal.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Karút:

  • Silberne Saiten (1901), gedichten
  • Die Liebe der Erika Ewald (1904)
  • Tersites (1907)
  • Brennendes Geheimnis (1911), novelle
  • Jeremias. Dramatische Dichtung in neun Bildern (1917), drama
  • Angst (1920), novelle
  • Die Augen des ewigen Bruders (1922), fertelling
  • Verwirrung der Gefühle (1927), novelle
  • Sternstunden der Menschheit (1927)
  • Drei Dichter Casanova - Stendhal - Tolstoi (1928), biografy
  • Joseph Fouché (1929), biografy
  • Marie Antoinette (1932), biografy
  • Die Heilung durch den Geist Mesmer - Baker-Eddy - Freud (1930)
  • Maria Stuart (1935), biografy
  • Triumph und Tragik des Erasmus (1935)
  • Castellio gegen Calvin oder Ein Gewissen gegen die Gewalt (1936)
  • Magellan (1938)
  • Ungeduld des Herzens (1939)
  • Schachnovelle (1941)
  • Die Welt von Gestern (1942), autobiografy
  • Balzac, biografy, fragminten
  • Rausch der Verwandlung, neilitten roman

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [http://moreintelligentlife.com/story/stefan-zweig-secret-superstar[