Springe nei ynhâld

Steerforth Press

Ut Wikipedy
Steerforth Press
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
fêstige yn Lebanon (Nij-Hampshire)
oprjochte 1993
offisjele webside
steerforth.com

Steerforth Press is in Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn Lebanon, yn 'e steat Nij-Hampshire. It bedriuw waard yn 1993 oprjochte troch Michael Moore (1941-2014), Thomas Powers, Alan Lelchuk en Chip Fleischer. Anno 2020 is it eigendom fan útjouwer Chip Fleisher, mei as mei-útjouwers Helga Schmidt en Devin Wilkie.

It útgongspunt foar Steerforth Press wie by de oprjochting om goede boeken út te jaan. Dêrby makke it neat út ta hokker kategory of sjenre dy't hearden. Kritearia wiene oft it boek goed skreaun wie, oft it de oandacht fan 'e doelgroep fêsthâlde koe en oft it wat bysûnders te fertellen hie. Bûten Nij-Hampshire is Steerforth benammen bekend wurden fanwegen de (oarspronklike) publikaasje fan 'e novelle Go with Me, fan Castle Freeman jr., yn 2008, dy't in trochslaand súkses wie en letter werpublisearre waard troch HarperCollins.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: